Lange file op de Ofslútdyk troch wurksumheden

In soad fertraging freedtemiddei foar it ferkear op de Ofslútdyk. Troch wurksumheden oan de dyk tusken Den Oever en Koarnwertersân stiet yn de rjochting fan Fryslân in file oer in lingte fan 10 kilometer. Minsken moatte neffens de ANWB rekken hâlde mei in fertraging fan mear as in oere. By de Breesândyk wurdt oan de dyk wurke, it ferkear moat dêrtroch oer de flechtstrook ride.