Freedsmerk: 'Wy binne wrâldkampioen nestbevuiler'

08 jun 2018 - 13:53

It probleem fan it plestik sop liket noch folle grutter dan we al tochten. Net allinnich op de oseanen, mar ek yn de middelânske see is de wetterkwaliteit striemin troch it plestik-ôffal. Op de Ljouwerter freedsmerk waard it probleem wol werkend.

Plestik yn it wetter - Foto: ANP

"It is tryst mar der is kwealik noch wat te keap dat net yn plestik ferpakt is." It is ien fan de reaksjes op de tradisjonele freedsmerk. Ferskate minsken besykje der yn it lyts wat oan te dwaan troch pûden en tassen sels mei te nimmen en faker te brûken. Mar dochs kinne je faak net om hinne: "De iisberchslaad, de asperzjes, de paksoy, de bananen, de ierdbeien, alles is al foarferpakt yn plestik!"

'Guon ferpakkings krijst allinnich noch mar iepen mei skjirre, hammer en skroevedraaier'

Reaksje op Ljouwerter freedsmerk

It is treurich, mar wy binne wrâldkampioen 'nestbevuiler'. In oplossing soe wêze kinne dat de oerheid yngrypt en plestik ferpakkingsmateriaal ferbiet. "Of oergean nei ôfbrekber plestik, makke fan mais". Ien frou fertelde dat se net wekker lei fan de plestik sop: "Ik sier myn eigen sop mei farske griente en farsk fleis...."

Freedsmerk oer 'Plestik Sop'

Trefwurden: 
freedsmerk plestik sop miljeu
(advertinsje)