Ferhúzje nei in skuorre mei bisten, fanwege himp

08 jun 2018 - 12:29

Tabe Koopman en Brigitte Boomsma moatte kommende tiisdei twongen harren hûs yn Rotsterhaule út. Trije moannen lang meie se net yn har eigen bêd sliepe, om't der 200 himpplanten fûn binne. De gemeente De Fryske Marren grypt yn.

It hûs dêr't Brigitte Boomsma en Tabe Koopman tiisdei út moatte. - Foto: Foto Hayo Bootsma/Omrop Fryslân

Der is oant en mei de Ried fan Steat besocht dit foar te kommen, mar dat helle neat út. Neffens Koopman en Boomsma gie it om himp dat bedoeld wie foar medikaasje.

De bewenners sizze dat der safolle planten stiene om't sy ek foar oare minsken kweekten. Dit wie ek medisinale, en net rekreative himp. Oaren soene it kweken fan himp net oandoare, Koopman en Boomsma joegen harren de mooglikheid om de planten dan mar by harren te kweken.

Stâl

Koopman en Boomsma ferhúzje no tydlik nei in keallestâl ien kilometer fierderop. Sy binne bot oandien troch de gong fan saken. "Wy tochten allinnich mar dat wy minsken holpen," fertelt Boomsma. "Se hawwe hjir net iens west om te sjen oft der oerlêst wie."

It nije ûnderkommen is wol wat oars as harren hjoeddeistige hûs, fertelt Koopman: "Wy hawwe in skuorre tawiisd krigen, dêr hawwe wy in heale meter stront úthelle en ik haw mei in hegedrukspuit alles skjinmakke. Dêr giet ús bêd daliks hinne, want dan binne wy dochs noch by ús bisten." Se hawwe gjin hoop mear dat de útsetting weromdraaid wurdt. "We wolle in statement meitsje: it kin sa net langer yn Nederlân, wy diene neat ferkeard."

Gemeente

In wurdfierder fan gemeente De Fryske Marren seit yn in reaksje dat it stel dúdlik yn oertreding wie: "Der wiene safolle planten dat der dúdlik sprake wie fan organisearre himpkweek. Dat soks dan foar medisinaal gebrûk is, docht der net ta. It mei net."

In útsûndering meitsje foar it stel sit der ek net yn. "Dan is der sprake fan in 'precedent'. Wannear steane je it dan al of net ta. Der moat ien line lutsen wurde en dat is dat je de wet hanthavenje."

(advertinsje)
(advertinsje)