'Heer van Heerenveen' Klaas de Jonge (91) stoarn

08 jun 2018 - 12:00

Earelid Klaas de Jonge fan SC Heerenveen is tiisdei stoarn. De Jonge wie mear as sechtich jier frijwilliger en spile in wichtige rol by de ûntwikkeling fan de klup. Om dy redenen krige De Jonge de earetitel Heer van Heerenveen.

Abe Lenstra Stadion - Foto: ANP

De Jonge wie ûnder oare (jeugd)bestjoerslid, lid fan de museumkommisje, lid fan Aktie'67, behearder fan de Pronkkeamer en leider fan it twadde alvetâl.

Yn 1994 waard De Jonge beneamd ta Heer van Heerenveen, in titel dy't net foar in soad weilein is. Yn 2005 waard er útroppen ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De Jonge waard 91 jier.

(advertinsje)