Buske yn de brân op A31 by Dronryp; dyk wer frij

08 jun 2018 - 11:48

De A31 tusken Ljouwert Harns hat koarte tiid ôfsluten west. By Dronryp is in bestelbuske folslein útbaarnd. De brânwacht fan Marsum wie oproppen om de brân te blussen.

Buske yn de brân - Foto: André Minkema

Oft der minsken ferwûne rekke binne is net bekend. De plysje hie de autodyk tusken Marsum en Dronryp tydlik ôfsluten. Ferkear dat fan Harns nei Ljouwert wol, koe wol gewoan trochride.

Brân op de A31 - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
Dronryp brân A31 ferkear
(advertinsje)