Subsydzje foar keunstners yn SRV-wein

08 jun 2018 - 11:44

Byldzjende keunstners dy't wurkje wolle yn in SRV-wein, kinne hjirfoar oant mids july in subsydzje-oanfraach dwaan by it Mondriaan Fonds. It SRV-projekt is in idee fan it keunstinisjatyf Voorheen De Gemeente yn Ljouwert.

SRV-wein - Foto: ANP

Yn de wein reizget in keunstner seis wiken lang troch Fryslân. Hy of sy wennet dan net allinnich yn de SRV-wein, mar makket dêr ek keunstwurken yn. Yn 2014 wie de earste edysje fan it projekt. Takom jier rydt de SRV-wein fan 1 septimber oant ein mei 31 oktober troch de provinsje. Dêrnei wurde de keunstwurken tentoansteld yn Ljouwert.

Leechdrompelich

Voorheen De Gemeente wol sa in breed publyk op in leechdrompelige wize berikke. Foar de keunstner biedt it inisjatyf de kâns om nij wurk te meitsjen en tagelyk op de minsken en de omjouwing te reagearjen. Voorheen De Gemeente hat foar in SRV-wein keazen fanwege de kultuer-histoaryske wearde derfan yn Fryslân.

Trefwurden: 
Byldzjende keunst SRV-wein
(advertinsje)
(advertinsje)