Plysje warskôget boatsjeminsken foar dieven yn Ljouwerter Prinsetún

08 jun 2018 - 11:21

In soad boatsjeminsken binne de ôfrûne tiid slachtoffer wurden fan stellerij yn de Prinsetún yn Ljouwert. De plysje warskôget dêrom wach te wêzen.

De Prinsetún - Foto: ANP

"Wy sjogge eins elk jier dat hjir oan it begjin fan it seizoen dat der dieverij by boatsjes plakfine", seit Hendrik van der Veen fan de plysje Ljouwert. "In telefoan, in kratsje bier of wat oars wurdt dan fan de boat helle."

De plysjeman jout ek wat tips foar de boatsjeminsken. "It is krekt as mei de auto: de boat moat op slot en it spul út it sicht."

Trefwurden: 
stellerij Prinsetún
(advertinsje)
(advertinsje)