Enkête: foar hokker lân bisto by it WK?

Oer in lytse wike set it WK Fuotbal yn Ruslân útein. Hjir yn Nederlân is der lykwols kwalik wat fan te fernimmen, want wy binne der (alwer) net by. Nei in dramatyske kwalifikaasjerige mei it Nederlânsk alvetal dizze simmer wat earder op fakânsje. Mar dan bliuwe wy, as publyk, wol mei in grutte fraach sitten: foar wa binne wy dan no?
Dútske doelman Manuel Neuer © ANP
Omrop Fryslân wol graach witte hokker nasjonaal team asto de kommende wike stypje silst. Wurde it de Dútske manlju fan Joachim Löw, dy't ferline kear al de beker omheech hâlde mochten? Of is it Spaanske tiki-taka krekt wat foar dy, en bisto dizze simmer yn de kleuren fan La Roja te finen.
Miskien hast dyn hert by it EK al ferlern oan de IIslanner spilers, mei harren ferneamde 'Viking klap', of hast dochs wol in plakje yn dyn hert foar ús buorlju yn it suden: de Rode Duivels.

Enkête

Yn oparbeidzjen mei de oare regionale omroppen en de NOS is der in koarte enkête makke wêrmei't wy ynsjoch krije yn de fuotbalfoarkar fan it Nederlânske publyk. De enkête is hjir te finen. It binne seis fragen, dy't oant snein ynfold wurde kinne.