Ljouwerter plysje hâldt sûplap oan en bringt fraudeur nei hûs

De plysje moast yn de nacht fan tongersdei op freed yn de binnenstêd fan Ljouwert ferskate kearen yn aksje komme. Trije stedsbewenners waarden om ferskillende redenen ta de oarder roppen.
Plysje © ANP
Op it Saailân waard om trije oere hinne in 29-jierrige ynwenner fan de stêd oanholden. Hy wie ûnder ynfloed fan alkohol en drugs en foel in plysjeman oan.
In oere derfoar moast de plysje nei in oare Ljouwerter ta dy't yn syn wenning foar oerlêst soarge. Doe't de plysje de bewenner dêrop oanspruts, smiet de man in glês stikken tichtby de plysje. De man hat proses-ferbaal krigen foar it feroarsaakjen fan lûdsoerlêst.
Identiteitsfraudeur
In jonge fan santjin út Ljouwert hat tongersdeitenacht ek in proses-ferbaal krigen. Hy besocht mei de ID-kaart fan in oar in kroech oan it Ruterskertier binnen te kommen.
Koart derfoar hie er ek al in proses-ferbaal krigen omdat er in blik bier yn de grêft smiten hie. De plysje hat de jonge nei hûs brocht.