Nij sikehûs soarget foar nije oanwaaks by Boalserter waskerij

08 jun 2018 - 08:37

It bedriuw Rentex Floron út Boalsert siket nije produksjemeiwurkers. Dy binne nedich omdat de waskerij de wask fan it nije Prinses Máxima Centrum foar berne-onkology yn Utrecht waskje sil. It giet om al it tekstyl en de wurkklean.

It Prinses Máxima Centrum - Foto: ANP

Neist it wurk út Utrecht sil Rentex Floron meikoarten ek oan de slach foar in nije soarchgroep yn Amsterdam. De taname fan opdrachten soarget derfoar dat de waskerij op syk is nei nije wurknimmers.

Opliedingen

Neffens direkteur Titus Mulder is it dreech om kwalifisearre personiel te finen. Om dêr wat oan te dwaan wurde al in oantal jierren opliedingen fersoarge foar it eigen personiel, ûnder oare yn gearwurking mei ROC Friese Poort yn Snits.

Rentex Floron bestiet sûnt 1913. Alle wiken wurde der sa'n 400.000 kilo waskguod en 200.000 setsjes wurkklean ferwurke. Mei 17.000 kante meter hat it bedriuw de grutste selsstannige waskerij fan Nederlân.

(advertinsje)