Kollum: "Brutsen hert"

08 jun 2018 - 08:05

"Ien fan ús jonges giet in konfrontaasje net gau út 'e wei en as er syn fûsten rôlet, is er ek net te beroerd om dy te brûken. As ik de ferhalen letter hear, dan sakket de moed my yn 'e skuon. It hat altyd in reden en it sil allegear wol, mar as mem wurdst net bepaald fleurich fan sok praat. En wylst se der sels allang wer om gnize, spûkje my de doemsenario's noch moai lang yn 'e holle om.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

De Toan fan Hilda Talsma

Nei it lêste akkefytsje, dat wolris hiel raar ôfrinne kinnen hie omdat de tsjinstanner in mes luts, ha ik sein dat er him tenei earst de fraach stelle moat oft mem, ik dus, wol bliid fan sokke aksjes wurdt. En as dat net sa is, dan moat er der by weirinne. Want stel dat it mis giet, dan sitst der as âlden ek mei opskipe.

Ik ha in hekel oan rûzjes en konflikten mar as ik al om my hinne reagje, dan is dêr in goede reden foar. Sa wiene wy in kear yn in disko op De Lemmer nei it skûtsjesilen en wylst ik stie te dûnsjen, siet der in frjemde keardel oan myn kont. Ik ha my omdraaid en him in allemachtige stomp yn syn búk jûn. Dêr hie er net op rekkene en ik ha gjin lêst mear fan him hân.

De knokpartijen yn Berltsum kin ik my ek noch wol heuge. Meastal wie dat op 'e dyk as we op de buorrelbus stiene te wachtsjen. Mar dat wie altyd wol fermaaklik om te sjen omdat dy manlju dan sa smoar as in aap wiene en amper mear op 'e poaten stean koene, lit stean elkoar in klap ferkeapje. Mei doarpsfeesten giet it ek gauris mis en dan is it moai dat der befeiliging yn 'e buert is.

Hoe't it sa út 'e klauwen rinne koe by Frou Rock, begryp ik dan ek net want dêr wie ek befeiliging by. Dochs is it wol bard en binne der twa jonges yn elkoar slein, wylst se net witte wêrom. It is need gien en ik hoopje dat se gau opknappe en it fertrouwen werom krije. Ik tink dat dat de grutste útdaging is as soks je oerkomt.

Ik hoopje ek dat de jonges dy't it dien ha der in soad spyt fan ha en ynsicht yn harren gedrach krije sadat se it net wer dogge. Mar as ik sokke berjochten sjoch dan tink ik ek foaral oan de memmen fan beide kanten. En as der gjin memmen binne, dan binne der grif oare neisten dy't der kapot fan binne. In brutsen noas of hân kinne se yn it sikehûs wer oplaapje, mar in stikken hert hielet net sa gau.

As der eat slims mei dyn bern bart, dan brekt dyn hert. Miskien is it net te sjen, mar fielst it wol. Neffens my makket it net út oft se no dieder of slachtoffer binne. De situaasjes binne oars, mar de soargen binne der net minder om en ik kin it my yntinke dat yn dit senario herten dwerstroch binne en it fertrouwen letterlik fuortslein is.

Simmer yn Fryslân betsjut oeral feest, wille, dûnsje en flirte. Mar ek sûpe, blowe, snuve en rûzje sykje want dat hat noch noait oars west. Dochs soe it moai wêze as alle jonges dy't de fûsten rôlje harren sels, of elkoar, earst it folgjende ôffreegje: 'Wurdt ús mem hjir bliid fan?'

Is it antwurd nee? Jou elkoar dan de hân of gean nei hûs. Dat skeelt in soad ellinde. Njoggen fan de tsien kear giet it ek nochris nearne oer en dan kinne de memmen har ek rêstich deljaan."

(advertinsje)