'As der neat feroaret, geane dit jier achthûndert boeren fallyt'

As der neat feroaret, geane der foar de ein fan it jier achthûndert boerefamyjes fallyt. Dat stelle meardere boeren en boerebelange-organisaasjes yn in iepen brief dy't se oan it hiele lân rjochte ha.
Kij © Shutterstock.com
De achthûndert boeren ha koartlyn in moderne stâl bouwe litten, mar dy steane no foar in part leech. Troch nije Europeeske regels meie de boeren net safolle kij mear ha as earder, omdat se oars te folle fosfaat produsearje.
Peet Sterkenburgh is regiobestjoerder fan LTO Noord. Neffens him kin it net oars, of dizze situaasje spilet ek yn Fryslân, mar hy kin gjin konkrete gefallen neame dy't hjir sa swier yn de problemen sitte dat se fallyt driigje te gean.
Ik freegje my ôf oft it de wierheid is.
Peet Sterkenburgh, regiobestjoerder LTO Noord
"Ik fyn dat wol in hiel heech oantal", seit Sterkenburgh. "Ik hie dat net ferwachte, mar freegje my ôf oft it de wierheid is. It is in berekkening en it hinget der hiel bot fan ôf wat de molkpriis is en fan oare besunigingen by it bedriuw."
Regiobestjoerder Peet Sterkenburgh