Mooie Plaatsys: in leafdesferklearring oan It Bilt

08 jun 2018 - 00:00

Gemeente It Bilt is net mear. Nei de weryndieling is it ûnderdiel fan de gemeente Waadhoeke wurden. Mar it typyske Biltske lânskip is der fansels noch wol, en de bewenners hawwe - nei eigen sizzen - in typysk Biltsk karakter. Fotografen Baukje Venema en Gitte Brugman lizze It Bilt fêst yn it fotoprojekt 'Mooie Plaatsys'.

De mensen van toen zie je terug in de mensen van nu.

Baukje Venema

It lânskip fan It Bilt is foarme troch de ynpoldering, dy't begjin 16e iuw begûn. Minsken út Hollân gienen hjir oan it wurk. Dizze skiednis hat ek de minsken foarme. "Vrijheid, ruimte, een bepaalde eigenzinnigheid", seit Gitte Brugman, is typearjend foar de Biltkers. De portretten en lânskippen binne mei 19e-iuwske fototechniken makke, om hjoed-de-dei en it ferline mei elkoar te ferbinen. Baukje Venema: "De mensen van toen zie je terug in de mensen van nu."

Baukje Venema - Foto: Omrop Fryslân

Uteinlik wurde de foto's byelkoar brocht yn in kassette mei fjouwer hânbûne boekjes. Dêr wurde mar 513 fan printe, likefolle as de jierren dy't It Bilt bestien hat. Elts boek hat in eigen jiertal. It kostet in soad jild om 'Mooie Plaatsys' te printsjen en út te jaan. Om genôch boeken yn it foar te ferkeapjen, binne Venema en Brugman begûn mei in crowdfundingsaksje.

Fia dizze link is it mooglik om mei te dwaan oan de crowdfundingsaksje. De aksje duorret noch oant 17 juny 2018.

Portret út Mooie Plaatsys - Foto: Mooie Plaatsys
(advertinsje)
(advertinsje)