Festivalwykein yn de Griene Stjer set útein mei buorljudei

07 jun 2018 - 23:11

It festivalwykein yn de Griene Stjer is tongersdei úteinset mei in buorljudei. Eltsenien koe fergees it terrein op, mar omwenners krigen de ôfrûne wiken in spesjale útnûging yn de bus. Festivalorganisator Bobby Veenstra wol op dizze wize de minsken sjen litte wat se krekt dogge en hoe't de sfear op it terrein is. Ek hopet er dat kritisy better begripe wêr't de festivals om draaie.

In soad besikers fan de earste jûn kamen út de omjouwing, lykas út de Ljouwerter wyk Camminghabuorren en Aldlân en út de omlizzende doarpen Tytsjerk en Ryptsjerk. Op de buorljudei wie der in feestband en in feest mei muzyk út de jierren 90.

De measte oanwêzigen fermakken harren prima en fine de krityk oer lûdsoerlêst oerdreaun, om't der mar in pear dagen yn it jier festivals yn it gebiet binne.

Krityske lûden

Der wienen lykwols ek kritisy dy't wol degelik muoite hawwe mei it lûd. Sy fine dat der better nei de klachten fan omwenners lústere wurde moat. De festivals ferbiede fine se te fier gean, mar minder lûd of earder ophâlde fine se wol in goed idee.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Trije dagen muzyk

Fan freed ôf binne der noch trije festivals yn de Griene Stjer. De earste dei hat de namme Groene Ster Open Air. Dan binne der ûnder oare coverbands fan Pink Floyd en Queen. In dei letter komme artysten lykas De Jeugd van Tegenwoordig en Kraantje Pappie nei Promised Land. Snein draait it om Hollânsktalige muzyk fan bygelyks Wolter Kroes en Jannes.

(advertinsje)
(advertinsje)