Brân ûnder sinnepanielen op skuorke yn Oerterp
Yn Oerterp is tongersdeitejûn brân útbrutsen ûnder in stel sinnepanielen op in skuorke oan de Skieppeleane.
De brânwacht fan it doarp wie gau teplak en hat de brân yn in lyts healoere útmakke. Dat dienen se mei skûm. Hoe't de brân ûntstean koe ûnder de sinnepanielen, is net dúdlik.