Aafke Soet distriktskampioen tiidriden, Hartthijs de Vries bêste belofte

07 jun 2018 - 22:08

Aafke Soet hat tongersdeitejûn yn it Drintske Zeijen de noardlike distriktskampioenskippen tiidriden foar froulju wûn. By de beloften wie Hartthijs de Vries mei ôfstân de rapste.

Froulju

De Hearrenfeanse Aafke Soet lei de goed 14 kilometer ôf yn 19 minuten en 56 sekonden. Dat wie fiif sekonden flugger as Anouska Koster út De Westereen. Tredde waard Fleur Nagengast út Beilen.

Beloften

Hartthijs de Vries, dy't twa wiken lyn ek al de titel yn de weiwedstriid wûn, wie yn Zeijen in stik sterker as de konkurrinsje. De Kollumer hie 18.09 nedich foar syn tiidrit. Aron de Jong út Ljouwert waard twadde yn 19.01, foar Sven Nijzingh út Súdwolde.

Elite-mannen

By de elite-mannen wie der gjin Frysk sukses. Martijn Dijkstra út De Knipe waard fjirde yn 18.44, sân sekonden dreger as winner Rick Ottema út Muntendam.

(advertinsje)
(advertinsje)