Neways wurket oan grutste radioteleskoopprojekt yn de wrâld

07 jun 2018 - 18:54

Elektroanikabedriuw Neways út Ljouwert is belutsen by de ûntwikkeling fan it grutste radioteleskoopprojekt yn de wrâld. It projekt is ferdield oer twa lokaasjes yn West-Australië en Súd-Afrika. As alles goed giet, moat de bou yn 2020 úteinsette.

Direkteur Michel Postma fan Neways yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Direkteur Michel Postma fan Neways

Neways is by it projekt belutsen rekke troch Astron, bekend fan de grutte radioteleskoop yn Dwingeloo. Astron is de betinker fan de technyk dêr't mei wurke wurdt. De finansjele omfang fan it projekt foar Neways wurdt net bekend makke. Wol is bekend dat de earste boufaze fan de teleskoop sa'n 650 miljoen euro kostet.

De Square Kilometre Array (SKA), sa't it projekt neamd wurdt, kin as it klear is in enoarme hoemannichte data ferwurkje.

Artyste-ympresje fan de radioteleskoop - Foto: Omrop Fryslân

Neways draacht by oan de ûntwikkeling fan de technyk dy't foar de teleskoop nedich is. De data dy't út it projekt komme wurde brûkt foar ûndersyk op it mêd fan de stjerrekunde.

Trefwurden: 
neways radioteleskoop
(advertinsje)
(advertinsje)