Krúswetterbrêge Boalsert en part A7 ôfsletten om wurksumheden Rykswettersteat

07 jun 2018 - 18:50

Rykswettersteat wurket yn de nacht fan 8 op 9 juny oan de Krúswetterbrêge yn de A7 by Boalsert. Dat betsjut dat de brêge en in part fan de A7 út Snits wei rjochting de Ofslútdyk dan ôfsletten binne.

Dat is fan freedtejûn 8 juny sân oere oant sneontemoarn 9 juny njoggen oere. It ferkear wurdt omlaat fia de ôfrit Bolsward-Oost en de N359. Under de wurksumheden is ek de farwei ûnder de brêge ôfsletten. Op de brêge wurde planken ferfongen en in nije slytlaach oanbrocht.

De Kruiswaterbrug by Boalsert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
Boalsert Krúswetterbrêge
(advertinsje)