Aldegea is it dreechst te berikken foar brânwacht

07 jun 2018 - 18:30

"Als er een brandweerkazerne was geweest in Aldegea, dan had mijn huis er waarschijnlijk nog gestaan", seit Sandra Kernkamp. Ferline jier septimber is it hûs fan har en har man Hein oan de Manjepetswei yn Aldegea (Smellingerlân) folslein ôfbrând. It hûs stiet yn in saneamd "18-plus-gebiet".

Dat betsjut dat de brânwacht der net yn 18 minuten wêze kin. Dat is twa kear sa lang as de trochsneed opkomsttiid yn Fryslân (9 minuten en 41 sekonden). Kernkamp wist dat se yn in risikogebiet wenne, mar wie der op taret en hie nea tocht dat dit barre soe. By de brânwacht is it al jierrenlang bekend dat Aldegea it minst te berikken wenplak is fan Fryslân. In kazerne yn Aldegea soe in oplossing wêze kinne, mar dat is oant no ta net slagge.

Anne en Sandra Kernkamp - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

18 plus

Yn Fryslân binne der 1800 wenningen dêr't de brânwacht net binnen 18 minuten wêze kin. In tredde dêrfan (664) leit yn Aldegea, Smellingerlân. De oare plakken dêr't in soad hûzen lestich te berikken binne, binne Earnewâld (124 wenningen) en Twellingea (113 wenningen). "De foarneamste reden dêrfoar is dat der in soad minsken bûtenút wenje. En foar Aldegea hawwe it wetter en de kanalen in grutte ynfloed. Dan duorret it gewoan langer foardat wy der komme kinne", seit Jan Wobma, fan de frijwillige brânwacht fan Burgum. Tegearre mei de brânwacht fan Drachten binne sy ferantwurdlik foar Aldegea.

Foto: Omrop Fryslân

De brân

"Doe't de brân útbruts wiene ik en Hein oan it skjinmeitsjen yn de groepsakkomodaasje neist ús hûs, dy ferhiere wy oan toeristen," seit Sandra. Om 22.37 wurde de ienheden fan Ljouwert en Burgum oproppen om in fjoer yn in houten wenhûs yn Aldegea te bestriden. Oare korpsen binne aktyf yn Wolvegea dêr't it âlde gemeentehûs yn de brân stiet. "Ik wit net hoelang it duorre oant de brânwacht kaam, mar it fielde as in ivichheid. It is net te beskriuwen as je nei je hûs sjogge dy't yn 'e brân stiet en do kinst neat dwaan."

Sy ha sa harren bêst dien.

Sandra Kernkamp oer de brânwacht

Sympatyk

Om sawat healwei tolven waard it sein 'grutte brân' jûn. De brânwacht fan Burgum waard oproppen om mei in ekstra tankspuitauto en grutwettertransport te kommen. It fjoer siet yn de dakplaten fan de Skandinavyske wente. Dêrom is de bestriding dreech en ha de mannen fjouwer oeren lang oan it blussen west. "Sy ha sa harren bêst dien. Ik kin ek net oars dan sizze hoe bliid oft ik mei se wie. En ek noch sa sympatyk. Op it gegeven momint binne der frikandellen útdield om wer op krêft te kommen en doe hawwe myn man en ik gewoan mei-iten. It die my sa goed."

Net mear ôfhinklik

De brân is no mear as in healjier lyn, mar Sandra, Hein en dochter Anne wenje noch yn in ferboude dongsilo op harren hiem. It slagget harren net om in bedriuw te finen dat in nij hûs bouwe wol. "Us hiele libben stiet op de kop. Wy tochten dat wy genôch dienen om ús hûs brânfeilich te meitsjen, mar it die bliken dat it oars wie. Dat kaam omdat de brânblussers allegear binnen stienen. We koenen der net by", seit Sandra. Dy flater wol se nea wer meitsje. "Wy wolle net mear ôfhinklik wêze fan de brânwacht om by ús te kommen." Dêrom wolle se in wetterpomp neist harren hûs delsette litte.

Anne en Sandra Kernkamp - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Brânfeiligenstsjek

Ek de brânwacht set him yn om brannen yn dizze gebieten foar te kommen. Sûnt septimber geane se by alle 1800 wenningen del foar feiligenstsjeks, wêrfan't se noch 500 dwaan moatte. "Troch dit projekt wurde de minsken yn dizze gebieten mear bewust. Se witte dat se yn in risikofol gebiet wenje en ha it ek akseptearre dat dit der by heart. Mar tagelyk sjochst wol dat brânfeiligens net heech yn it findel stiet by de measte minsken." Mei sa'n tsjek sjocht de brânwacht nei bygelyks reekmelders, nei hoe't der omgong wurdt mei elektryske apparatuer en nei feilige flechtrûtes.

Kazerne Aldegea

Mar de bêste oplossing foar it probleem fan Aldegea soe in kazerne wêze. De brânwacht is no dwaande mei in helberheidsûndersyk, mar neffens Jan Wobma sil it dreech wurde. "Foar ús kazerne yn Burgum ha wy 28 minsken nedich en it is al in hiele klus om dat te foar mekoar te krijen. Ast neigiest dat Burgum seis kear safolle ynwenners hat as Aldegea, dan wurdt it tink ik dreech om te realisearjen."

Veiligheidsregio Fryslân hat in pear wike lyn in oprop dien foar frijwilligers yn Aldegea. Der binne sa'n fjirtich minsken nedich. Yntusken hawwe al fjirtjin minsken harren meld.

Trefwurden: 
brânwacht Aldegea brân
(advertinsje)
(advertinsje)