Waarmte soarget foar problemen by brêgen

07 jun 2018 - 18:18
Foto: De Vries Media

It waarme waar soarget foar problemen by de Fryske brêgen. De brêge oer de Overtoom op De Gordyk wol net mear ticht. Dat soarget foar oerlêst foar it autoferkear. Neffens in omwenner is it de tredde kear yn koarte tiid dat der in steuring is by de brêge. Oan de ein fan de middei waard mei wetter besocht om de brêge te kuoljen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De brêge by Skûlenboarch woe tongersdeitemiddei ek net mear ticht. Net allinne it autoferkear hie der lêst fan, it skipfeartferkear hat ek fertraging oprûn. Nei oardel oere wie it probleem ferholpen troch de brêge te kuoljen.

En by Langwar wie der in probleem mei de brêge oer de Jaansleat. In wurdfierder fan de provinsje seit dat de oarsaak fan dy steuring net bekend is, mar dat it mooglik ek mei de waarmte te krijen hat. Dizze steuring wie relatyf flot ferholpen.

(advertinsje)
(advertinsje)