Tsiis fan De Fryske troch gearwurking aanst ek bûten Fryslân te krijen

It tsiismerk De Fryske yn Aldemardum wol fierder útwreidzje en is dêrom in gearwurking oangien mei de grutste tsiishannel fan Nederlân, Zijerveld út Bodegraven. De Fryske is in suvelmerk dat allinnich tsiis makket fan molke fan boeren dy't in soad rekken hâlde mei biodiversiteit, greidefûgels en lânskip. De merk siet oant no ta benammen yn Fryslân en it noarden fan Nederlân.
Troch de gearwurking kin de tsiis aanst ek yn de rest fan Nederlân makliker op de merk komme en sels ek it bûtenlân berikke. De tsiis wurdt benammen yn tsiisspesjaalsaken ferkocht.