Stichting Afvaloven Nee wer by Ried fan Steat oer REC

Yn in rjochtsaak by de Ried fan Steat, oanspand troch de Stichting Afvaloven Nee (SAN), hat de stichting wer frege om optreden fan de provinsje Fryslân tsjin de útstjit fan sâltsoer by de REC yn Harns.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn de saak beweare de leden fan de SAN tongersdei dat der rommele wurdt mei de sifers oer de útstjit fan de oven. Dat soe neffens harren komme fan de swier tekoartsjittende kontrôle fan de miljeutsjinst FUMO. De Europeeske kommisje hat ek in brief stjoerd oer de mjitkorreksjes fan de REC. De kommisje fynt dat dêrby in te romme marzje hantearre wurdt.

Marzje

De Ried fan Steat sil no besjen oft se op basis fan de brief fan de Europeeske kommisje in útspraak oer de saak dwaan kinne of dat se it werombringe moatte nei it Europeeske Hôf foar in oardiel. As de Ried fan Steat ek ta dy konklúzje komt, dan sil de REC flink ynvestearje moatte om de útstjit fan sâltsoer werom te bringen.
Neffens de Stichting Afvaloven Nee mei der in korreksje fan 10 prosint op it mjitten wêze. De REC hantearret in marzje fan 50 prosint. Oer in pear wike is der in útspraak.