Omrop TIP: PietCast #12 It waarme waar en de simmerfoarsizzing

It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr't it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy't ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Yn de nijste ôflevering stiet it waarme waar fan de ôfrûne tiid en de simmerfoarsizzing sintraal.
It moaie waar fan maaie hâldt oan in juny. Allinnich: it liket wol of fynt elk dat mar gewoan! Wim nimt troch mei Piet: de waarmte, de simmerfoarsizzing en de ekstremen. Hawwe we sa stadichoan ek kâns op tornado's? Sille hagelstiennen tanimme yn diameter no't de ekstremen yn it waar hieltyd grutter wurde? En: keunstgers mei simmerwaar, wat bart dêrmei?
PietCast 12: It waarme waar en Piets simmerfoarsizzing
De PietCast is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. Alles oer it waar is fansels te finen op Omropfryslan.nl/waar.