Snitser moat wurkstraf dwaan fanwege ynbraken yn kringloopwinkel en wenning

07 jun 2018 - 16:17

In Snitser fan 32 jier hat 240 oeren wurkstraf en njoggen moannen selstraf ûnder betingst krigen foar ynbraken yn wenningen en in bedriuw.

De ynbraak op in juwelierssaak mislearre, mar by oare saken sloech de Snitser wol ta. Yn maart 2016 wie er belutsen by in ynbraak yn in kringloopwinkel yn Bûtenpost. Dêr waard in soad elektrysk ark stellen. Yn july 2016 hat de man noch ynbrutsen yn in hûs yn Grypstsjerk en dêr ûnder oare it sparpotsje fan ien fan de bern bútmakke.

De man docht op dit momint syn bêst in positive draai oan syn libben te jaan, konkludearre de rjochter. De Snitser komt ûnder tafersjoch fan reklassearring en moat him behannelje litte.

Trefwurden: 
stellerij justysje
(advertinsje)