Dokkumer moat acht moannen de sel yn om mishanneling fan eks-freondinne

07 jun 2018 - 15:07

In 27-jierrige Dokkumer moat acht moannen de sel yn, om't er op 30 desimber ferline jier syn eks-freondinne swier mishannele. Njonken de acht moannen finzenis hat de man noch acht moannen ûnder betingst krigen mei in proeftiid fan trije jier.

Oanlieding foar de mishanneling wie dat de man ûntduts dat syn freondinne it mei in oar hold. Se hie al sein dat se by him wei woe. Doe't se har guod opheljen kaam, gie de Dokkumer 'oer de reade'. Hy sloech en skopte har ek tsjin de sliep.

Neffens de rjochtbank die hy dat sûnder rekken te hâlden mei de swiere gefolgen dy't de mishanneling hawwe kinne soe. Hy wie ek earder al feroardiele foar it mishanneljen fan syn freondinne. Hy moast him doe behannelje litte fan de rjochter, mar hold him net oan de ôfspraken. Ek no moat de man him nei syn detinsje behannelje litte fan de rjochter. Boppedat krijt er in kontaktferbod mei syn eks en moat er har 2000 euro betelje.

(advertinsje)
(advertinsje)