Sportdei Dokkum stopset fanwege waarmte

07 jun 2018 - 15:00

De sportdei fan de mienskiplike skoallen yn Dokkum is earder opholden as de bedoeling wie. It wie sa waarm dat guon bern der lêst fan krigen. Se waarden mislik, sleau, of krigen pineholle.

Foto: Buurtsportcoaches Dongeradiel

Yn totaal diene der goed 650 bern mei oan de sportdei. It wie foar it earst dat dy sa grut wie. Earder hiene de skoallen sportdagen op twa ferskillende dagen.

Foaral op de fuotbalfjilden wie it tige waarm. Neffens in meiwurker fan ien fan de skoallen wie it wol 32 graden, en der wie op de fjilden gjin skaad om te skûljen tsjin de sinne.

Trefwurden: 
waarmte Dokkum sportdei
(advertinsje)