Plysje pakt trije jonges op foar twa strjitrôven

In jonge fan 17 jier en twa manlju fan 18 jier út de gemeente Weststellingwerf binne oppakt foar twa strjitrôven yn Wolvegea, ein ferline jier. De plysje hat se tiisdeitemoarn oanhâlden.
Oanhâlding © Shutterstock.com
De fertochten beane ferline jier fjoerwurk oan fia in social media platfoarm. Twa 19-jierrige manlju út Veenendaal en in man fan 25 út Hilversum makken dêrop in ôfspraak mei se, de lêste op 26 novimber en de twa oaren op 15 desimber. Beide kearen waard ôfpraat yn in parkje tichtby de Paulus Potterstrjitte yn Wolvegea. By de moeting waarden de slachtoffers berôve fan ûnder oare harren telefoans, jild en oare persoanlike eigendommen.

Bedriging

De fertochten hawwe harren slachtoffers bedrige mei in ding dat bot like op in fjoerwapen en in mes. De plysje hat nei de berôvingen spoare-ûndersyk dien. De dieders waarden lykwols net fûn. Nei fierder ûndersyk kaam de plysje de trije jonges op it spoar.
By de oanhâlding binne harren wenningen trochsocht. Dêrby is in part fan de bút fan de strjitrôven oantroffen. De fertochten sitte noch fêst. De plysje ûndersiket oft se ek ferantwurdlik binne foar oare strafbere feiten.