Friezen oppakt yn grut drugsûndersyk

De plysje hat dizze wike trije Friezen oanholden yn in grut drugsûndersyk. Se wurde derfan fertocht dat se grutte partijen himp nei it bûtenlân útfierden. It giet om ynwenners fan Ljouwert, Snits en De Hommerts. Neist dizze mannen is der ek in ynwenner fan Hoofddorp oppakt.
Hennepkwekerij © Pixabay
De plysje wurket al moannen gear mei de Dútske plysje om drugstransporten te ûnderskeppen. Dat gebeurde op 21 maaie, doe't by Oldenburg seis kilo himp yn beslach nommen waard.
De Friezen kamen dêrnei yn byld by de plysje. De mannen út Snits en De Hommerts binne ferline jier oktober ek al oppakt foar grutskalige hannel yn drugs De plysje die doe ynfallen yn tsien pannen yn Snits. It foel de plysje op dat der Snitsers wiene dy't soms tonnen jild fan harren bankrekken hellen. It jild waard wytwosken mei bitcoins.
De mannen út Snits en De Hommerts waarden ûnder betingst frijlitten mar de fertochte út De Hommerts pakte lykwols fuortendaliks de drugshannel wer op.