Cao-akkoart yn it basisûnderwiis, dochs nije aksjes oankundige

Doch aksjes nei cao-akkoart yn ûnderwiis
Der is in akkoart berikt oer in nije cao foar it basisûnderwiis. Yn Fryslân is der yn febrewaris noch staakt om ta bettere ôfspraken te kommen. De masters en juffen krije der no jild by; sa gean de salarissen mei 2,5 prosint omheech en ferdwynt de leechste salarisskaal. Ek krije sy der yn ien kear 750 euro by.
Mar der is noch hieltiten in grut ferskil mei wat harren kollega's yn it fuortset ûnderwiis krije. Dêrom wurdt der yn septimber dochs wer staakt om de polityk sa fier te krijen dat dêr noch mear oan dien wurdt. De reewilligens om te staken nimt by guon skoallen no wol wat ôf, seit Wendy Alberts-Jorritsma fan PO-in-actie yn Fryslân.