Sel en rydûntsizzing easke yn saak deadlik ûngelok spiler VV Waskemar

Fjouwer jier finzenisstraf en trije jier rydûntsizzing. Dat is tongersdei yn Grins easke tsjin de man dy't fertocht wurdt fan it fersoarsaakjen fan it ûngelok, dêr't VV Waskemar-spiler Daniël Postema by om it libben kaam.
Daniël Postema © VV Waskemar
De fertochte ûntkent dat er oan de hânrem lutsen hat. Neffens eigen sizzen hat er mooglik wol syn hân op de hânrem lein, mar hat er der net oan lutsen. Neffens tsjûgen, ûnder wa in plysjeman, hat de fertochte direkt nei it ûngelok sein dat er wol oan de hânrem lutsen hat. De man sei tongersdeitemoarn by de behanneling fan de saak tsjin him, dat er him dat no net mear heuge kin.
It buske dêr't de twa mei noch twa oaren yn sieten, fleach oer de kop doe't der oan de hanrêm lutsen waard. Daniël Postema kaam om it libben en ien fan de oare ynsittenden rekke swier ferwûne.