Earste Fryske Streekwike: bewuster ite út de streekwinkel

Yn it Ljouwerter winkelsintrum Saailân stiet oant en mei 9 juny in pop-up winkel mei Fryske streekprodukten. De winkel wurdt tongersdei om 13.30 oere iepene tagelyk mei de start fan de earste Fryske Streekwike fan Eetbaar Fryslân.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Doel is om minsken bewuster te meitsjen fan de produkten dy't se ite. De streekwinkel is in inisjatyf fan Monique en Ronny Uithof út Sint-Anne en der is fan alles te finen. Net allinnich iten, mar ek sjippe en wc-papier.
Fan tichteby is ek lekker.
Ronny Uithof, eigener pop-up winkel
Hast alle produkten komme út Fryslân. De produkten dy't fan fierder komme binne yn alle gefallen ekologysk ferantwurde. De gedachte derachter is dat de produkten sa sûn mooglik binne en ek om sa goed mooglik foar it miljeu te soargjen. "Fan tichteby is ek lekker", seit Ronny Uithof. "Wat hjir makke wurdt, kinne je hjir ek keapje. Wy wenje hjir ek."
Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht by de Streekwinkel (1)
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Fryske Streekwike

De pop-up winkel yn it sintrum fan Ljouwert is delset yn it ramt fan de Fryske Streekwike. Dit is in inisjatyf fan Eetbaar Fryslân, wêrfan't Simon Bijlsma de projektlieder is. Hy is in grut foarstanner fan iten út de eigen regio, omdat it better is foar it miljeu.
We wolle mear Fryske produkten beskikber krije foar de ynwenners fan Fryslân.
Simon Bijlsma, projektlieder Eetbaar Fryslân
Op de webside www.eetbaarfryslan.frl kinne besikers sjen, wêr't se maklik streekprodukten út harren buert weihelje kinne. "We wolle mear Fryske produkten beskikber krije foar de ynwenners fan Fryslân", seit Bijlsma. Net allinnich de ôfstân is in probleem, mar ek it feit dat minsken net mear wend binne om seizoensprodukten te keapjen. "Wy binne in bytsje ferleard, dat wy ite fan it seizoen."
Neffens Bijlsma soe ite út eigen regio ek goed útpakke foar de boeren. "Wy moatte koartere 'ketens' hawwe, mei goeie prizen foar de boeren. Wy wolle de boeren ek wer in gesicht jaan."
Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht by de Streekwinkel (2)
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De earste Fryske Streekwike fan Eetbaar Fryslân duorret fan tongersdei 7 juny oant en mei woansdei 13 juny. Der binne mear as hûndert aktiviteiten yn de hiele provinsje. Mear ynformaasje dêroer is te finen op www.eetbaarfryslan.frl. De pop-up streekwinkel fan Monique en Ronny Uithof yn winkelsintrum Saailân yn Ljouwert is iepen op 7, 8 en 9 juny.
Eetbaar Fryslân is in inisjatyf fan Landschapsbeheer Friesland, Nordwin College, Netwerk Duurzame Dorpen en Friese Milieu Federatie.