Ald-fuotballer en trainer VV Waskemar ûntkent lûken oan hânrem

Der is oan de hânrem lutsen. Mar troch wa en mei opset? Fragen dêr't it by de rjochtsaak tsjin in 47-jierrige man út Grins om giet. Yn novimber 2016 soe de man, âld-fuotballer en trainer by VV Waskemar, oan de hânrem lutsen hawwe. Hjirtroch crashte it buske en kaam de 35-jierrige Daniël Postema om it libben.
It plak fan it ûngelok yn Grins © RTV Noord
‘’Ik heb mijn handen op de handrem gelegd, niet om hem aan te trekken, maar misschien als grap.’’
Fertochte
De 47-jierrige man siet ek yn it buske. Hy soe by in feestje út it buske set wurde. Doe't dit net barde, gie er stean en hat syn hân op de hânrem lein. "Ik heb mijn handen op de handrem gelegd, niet om hem aan te trekken, maar misschien als grap. Later vond het ongeval plaats."

Tsjûgen

Nei it ûngelok rint de fertochte mei in oare ynsittende fan it buske yn panyk rûn. Hy soe sein hawwe: "Ik heb de handrem omhoog getrokken, ik heb dit nooit gewild." In plysje-aginte dy't tafallich lânskaam ferklearret ek dat hy dit sein hat. Sels seit de man dat hy him dizze útspraken net yn it sin bringe kin.
De rjochtsaak is noch dwaande. Letter tongersdeitemiddei komt de offisier fan justysje mei in strafeask.