Luzac iepenet skoalle op It Hearrenfean

De partikuliere middelbere skoalle Luzac iepenet it kommend skoaljier in fêstiging op It Hearrenfean. It is de earste Luzac-fêstiging yn Fryslân. Der wurdt begûn mei eineksamenklassen op havo- en vwo-nivo. Op basis fan it oantal ynskriuwingen wurdt fan 't simmer besjoen oft der ek mei oare klassen úteinset wurde kin. It is de bedoeling dat it ûnderwiisoanbod de kommende jierren fierder útwreide wurdt.
Luzac yn Amsterdam © ANP
Luzac wurket mei lytse klassen, mei gemiddeld tolve learlingen. Operasjoneel direkteur Anne Bruinewoud fan Luzac seit: "Zo krijgen leerlingen de aandacht die zij nodig hebben. Door die betrokkenheid zien wij leerlingen opbloeien. Als zelfvertrouwen en leerplezier toenemen, zijn leerlingen tot grootse dingen in staat." Luzac op It Hearrenfean komt yn in besteand gebou oan de Sinneblomstrjitte.