Jeugdsoarchynstelling wreidet út yn Droegeham

07 jun 2018 - 09:43

Jeugdsoarchynstelling Driestroomhuis De Bosk wreidet út. Yn Droegeham komme jongeren te wenjen dy't alle dagen begelieding nedich hawwe. Sy krije in plakje yn in dûbele filla dy't de ynstelling foar fiif ton kocht hat. Dêr is plak foar sân bern. It is de bedoeling dat se op termyn selsstannich wenjen gean. De Bosk hie yn Droegeham al in ûnderkommen. Dat wurdt no brûkt foar de opfang en begelieding fan jongeren dy't al wat selsstanniger binne.

Foto: Summum Communicatie

De útwreiding yn Droegeham wie hurd nedich. Der is in wachtlist en De Bosk moast hieltyd faker 'nee' sizze tsjin minsken dy't in plakje sochten foar harren soan of dochter. In part fan de fiif ton dy't nedich wie foar de oankeap fan it nije ûnderkommen, is op it kleed kaam fia it ynvestearringsplatfoarm fan NLInvesteert.

(advertinsje)