Fertochte feroarsaakjen deadlik ûngelok mei VV Waskemar-spiler foar de rjochter

07 jun 2018 - 08:27

In man út Grins (47) moat tongersdei foar de rjochtbank ferskine fanwegen it ûngelok dêr't VV Waskemar-fuotballer Daniël Postema (35) by om it libben kaam. It Iepenbier Ministearje fertinkt de Grinzer der fan dat er it ûngelok feroarsake hat, troch oan de hânrem fan de auto te lûken, dêr't hy en Postema mei twa oaren yn sieten. Ien fan dy twa oaren rekke swierferwûne.

Daniël Postema - Foto: VV Waskemar

De fertochte is âld-fuotballer en trainer by VV Waskemar. Him wurdt deaslach en poging ta deaslach ferwiten. It ûngelok makke in soad los by VV Waskemar. De klup brûkt rêchnûmer 10 net mear, dêr't Postema mei spile.

(advertinsje)
(advertinsje)