Kollum: "Greide yn it doarp"

07 jun 2018 - 07:35

"Us heit en mem - sa sizze allinnich Friezen dat: ús - wenje yn Skearnegoutum, it doarp dêr't ik as jonge nei skoalle gie. In doarp dat foarme wurdt troch oan 'e iene kant it spoar tusken Snits en Mantgum, en oan 'e oare kant it wetter fan de Swette. Us heit en mem wenje oan 'e râne fan it doarp, en meastentiids sjoch ik der fierder net safolle fan. Mar snein rûn ik mei ús mem in rûntsje troch it doarp. It doarp fan in generaasje letter.

De Toan fan Botte Jellema

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De âlde skoalle is der net mear, der is in nije op itselde plak setten. De grifformearde tsjerke dêr't we eartiids hinne giene is al jierren in wenning. We rûnen troch de nijbou, dy't foar my noch altyd nijbou hjit, mar dat fansels al lang net mear is. Oan 'e noardkant is Skearnegoutum bot útwreide. Dêr't earst de iisbaan wie, binne no grutte, nije huzen, oan brede fearten dy't yn ferbining steane mei de Swette. Wêr kinne je moaier wenje as oan it wetter? Bewenners kinne mei harren boatsjes oan hûs komme, troch in fuortgongers-draaibrechje dêr't se sels de kaai fan ha om dizze iepen en ticht te meitsjen. Der is no in prachtich fytspaad lâns de Swette en it spoar, rjochting Boazum.

It wie in kuier mei in protte oantinkens; dit doarp stiet yn myn geheugen ynprinte. We rûnen om 'e sportfjilden hinne, dy't ik noch kin fan de sportdagen fan skoalle, en fan de doarpsfeesten. Lâns de âlde kleuterskoalle, dy't al jierren in bedriuwspân is, no fan in âld klassegenoat fan my. Mar de namme 'Van Knop tot Bloem' stiet der noch altyd op.

En doe foel it my op. Dêr, oan 'e oare kant fan 'e Ald Dyk: in grutte greide. Suver midden yn it doarp. Hat altyd sa west. Mar ik ferwûndere my der oer, omdat we krekt lâns al dy nijbou rûnen. En dit, sa ticht by de skoalle, ticht by de supermerk, en foaral: gelyk oan 'e Swette, soe in gaadlik plakje wêze foar huzen. Dêr ha projektûntwikkelers fêst ek al ris nei sjoen. Mar it is noch altyd greide, krekt as eartiids. Fris gers, romte, mei útsjoch oant de Swette ta. Beskerme doarpsgesicht, sei ús mem.

Yn 'e Fryske doarpen feroaret in soad, lykas oeral oars yn 'e wrâld. It doarp dêr't ik no wenje, Amsterdam, is net oars. Oer elke sintimeter is striid; yn dizze strjitte moatte trams op twa banen ride, stikt it fan 'e fytsers op de fytspaden, hast twa rydstroken foar auto's en fansels in trottoir. En dan moat dit ek noch in griene kuierbûlevaar wêze. Mar dan binne de tramhalten net breed genôch, en moat alles oars. Ferset yn 'e buert, ynsprekbeurten by de gemeenteried en ynformaasjejûnen foar bewenners.

Al mei al soene der in stik as seis beammen sneuvelje, en ik wie ien fan de bewenners dy't fûl tsjin wie. Ek al skrabbe ik my al ris efter de earen: hoefolle tiid besteegje ik no krekt oan it behâld fan hoefolle beammen? Is dit net in bytsje ûnsin?

It is net dat der nea wat feroarje moat; der is ea ek in suvelfabryk boud in Skearnegoutum. Dy hat ek yn in greide oan 'e Swette stien. Mar it punt is: je kinne soks ien kear dwaan. Ik kin sizze dat hjir yn de haadstêd in hiel soad feroaret, dat ek ûnomkearber is. Sa as heechbou lâns it IJ - ús Swette. It sicht op de stêd fan it wetter ôf en de oare kant fan it wetter, en it sicht op it wetter fanút de stêd, is foar altyd fernield troch dy ynwikselbere fierstente grutte nijbou dy't allinnich de heechste ynkommens betelje kinne. En dat krigest nea wer werom: ús bern sille in hiel oare stêd of doarp sjen en heuge.

Dat stik greide yn Skearnegoutum moat net foar dizze Amsterdammer bewarre wurde, mar foar Skearnegoutum sels. Dy greide heart by Skearnegoutum, sa't dy seis beammen by myn strjitte hearre. Se foarmje it karakter fan it plak dêr't in folgjende generaasje opgroeit. Foar altyd ynprinte yn it geheugen.

Ien fan myn earste werinneringen is it boartersplak neist dy eardere kleuterskoalle yn Skearnegoutum. In plein fan stoeptegels, in gigantyske sânbak en in enoarme hage; fansels allegearre yn grutte ferhâlden ta it lytse mantsje dat ik doe wie. Ik werinnerje my de lucht fan rozebottel, de karkes dêr't we mei rûn rieden, it útsjoch oant de Swette ta, en it boartsjen yn it sân. It is no gjin kleuterskoalle mear, mar op it plak fan de sânbak stiet no in trampoline. En ik seach in folgjende generaasje dy't dêr oan it boartsjen wie."

(advertinsje)