Conference of the Birds siket noch muzikanten

It muzykspektakel Conference of the Birds siket noch sa'n 200 muzikanten. It ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd giet op 7 july yn premjêre yn it Ljouwerter Griene Stjer-gebiet, dêrnei binne der noch fiif útfieringen. Inisjatyfnimmer is Sytze Pruiksma. Neffens him binne der al flink wat oanmeldings fan muzikanten, mar binne der noch mear nedich.
Trompet © Shutterstock.com
Pruiksma wiist der op dat muzikanten mei har dielname jild fertsjinje kinne foar har orkest. Der leit oardel ton klear om ûnder de dielnimmende orkesten te ferdielen. De earste repetysje is op 16 juny, yn totaal wurdt der trije kear repetearre.
Sytze Pruiksma siket muzikanten