Auto op de kop yn de sleat by Droegeham

De helptsjinsten binne woansdeitejûn útriden foar in auto dy't oan de Langedyk yn Droegeham yn it wetter rekke wie. De bestjoerder hat nei alle gedachten de bocht mist. In foarbygonger hie de auto sjoen en warskôge de plysje. Doe't de helpferlieners oankamen op it plak fan it ûngelok, wie de bestjoerder útnaaid.
De brânwacht hat noch wol socht nei de bestjoerder, mar koe him net fine. De brânwacht fan Drachten hat de auto op it drûge takele, in berger hat de wein ôfsleept. De plysje sil op syk nei de bestjoerder.