Sixth Avenue komt twa wykeinen lang fan New York nei Akkrum ta

06 jun 2018 - 23:09

It Heechein yn Akkrum moat wurde wat Sixth Avenue is yn New York. Oan dy strjitte rjochte âld-Akkrumer Frank H. Cooper yn 1896 in warehûs op dat op dat stuit it grutste fan de wrâld wie. Dêrom sil Akkrum op 9 juny werom yn de tiid mei it evenemint "Meet me at the Fountain". Seishûndert minsken binne hurd oan it wurk om alles op tiid klear te krijen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De namme fan it evenemint is in ferwizing nei it moetingsplak foar New Yorkers: in fontein mei it gouden byld The Statue of the Republic. Dy fontein wurdt yn Akkrum neiboud, krekt as in fjoertoer dy't op it warehûspân stie om klanten te lûken.

Folkert H. Kuipers

De Fryske namme fan Frank H. Cooper wie Folkert H. Kuipers. Doe't er 22 jier wie, luts er fan syn berteplak Akkrum nei New York. Mei syn maat Henry Siegel rjochte er dêr it grutste warehûs fan de wrâld op. Dat wurdt yn Akkrum neiboud yn in skaal fan 1 op 3. Fiifhûndert figuranten ferbyldzje yn it twadde en tredde wykein fan juny it strjitlibben fan Sixth Avenue yn it New York fan 1900.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De Akkrumers setten heal april útein mei de bou fan it warehûs op skaal yn it sintrum fan harren doarp. Famylje fan Cooper út Amearika komt de twa wykeinen spesjaal nei Akkrum ta.

Coopersburg

Doe't Cooper even werom wie yn Akkrum, wie er oandien troch de earmoed yn syn doarp. Dêrom liet er it wenkompleks Coopersburg bouwe foar de earme ynwenners út Akkrum.

It is wat út de hân rûn.

Piet Dijkstra fan de organisaasje

Akkrum is ek ien fan de doarpen dy't oandien wurde troch De Tocht. Dat is in projekt fan LF2018 wêrby't passazjiers troch it beekdal fan it Keningsdjip/De Boarn fierd wurde. In bus docht alle doarpen oan dy't oan de rûte lizze en Akkrum heart dêr dus by. "Dêrom woenen we wat kultureels sjen litte, krekt as al dy doarpen. Dat is yn Akkrum dus wat út de hân rûn." Dat seit Piet Dijkstra fan de organisaasje yn Akkrum. "We wolle sjen litte dat it in doarp fan kultuer is dêr't kreative minsken wenje."

(advertinsje)
(advertinsje)