Nij kolleezje Tytsjerksteradiel hat koälysje-akkoart klear

06 jun 2018 - 23:02

It nije kolleezje fan Tytsjerksteradiel hat woansdei har akkoart oan de ried presintearre. Dat akkoart krige de namme "Duorsum oparbeidzje". It CDA, de FNP en de ChristenUnie foarmje de koälysje. Earder waad al bekend dat de PvdA net weromkomme soe yn it nije kolleezje.

Gelbrig Hoekstra-Mozes (CDA), Rommert Dijk (FNP) en Andries Bouwman (CU) waarden woansdei ta wethâlders beneamd.

(advertinsje)
(advertinsje)