Junior Jan Teade Nauta ferrast by fierljeppen yn Grypstsjerk; Brandsma wint by manlju

Junior Jan Teade Nauta wint fierljeppen yn Grypstjerk
Fierljepper Jan Teade Nauta fan Drylts hat woansdeitejûn yn de sechsde wedstriid fan it seizoen foar in grutte ferrassing soarge. De junior ljepte yn Grypstsjerk it fierste fan alle dielnimmers en pakte mei 19.45 meter dan ek de oerwinning by de junioaren. Foar Nauta lei dy oerwinning net foar de hân; hy wie krekt werom fan in staazje fan fiif moannen yn Kanada en hie noch net op 'e skâns stien.
Nard Brandsma © Martin de Jong

Brandsma ferslacht Hobma

By de manlju trochbruts Nard Brandsma fan Warkum de hegemony fan Thewis Hobma. Brandsma wûn mei in ôfstân fan 19.10 meter by de senioaren. Bobby Zwaagman fan Drylts einige as twadde yn 19.07 meter, folge troch Hannes Scherjon fan Noardburgum (18.92 meter). Thewis Hobma sprong 18.34 meter.
Dêr't Nauta as earste einige by de junioaren, wie it twadde plak yn Grypstsjerk foar Rutger Piersma fan It Heidenskip (17.76 meter). Jesper Demmer fan Warkum pakte it lêste poadiumplak by de junioaren (17.54 meter). By de jonges gie de winst nei Rutger Haanstra fan It Heidenskip yn 16.31 meter. Oant no ta hat er alles wûn. Wisse Broekstra waard twadde (15.56 meter), folge troch Abe-Luuk Stedehouder (14.92 meter).
De oerwinning by de froulju wie foar Akke Dijkstra fan Kollum mei 14.89 meter. Hiske Galama fan Snits pakte it twadde plak mei in sprong fan 13.60 meter, foar Boukje de Boer fan It Heidenskip (13.09 meter). By de famkes wûn Fardau van Akker fan Suwâld mei 13.80 meter. Pytrix Westra út Burgum (nij pr 13.56) en Thirza Boschma fan Drylts (13.05) kompletearren it poadium.