Emoasjes rûnen heech op nei útspraak fan fertochte dongsilodrama

06 jun 2018 - 21:12

De sitting fan it heger berop yn it dongsilodrama wie op himsels frij rêstich, mar op de ein soarge in útspraak fan de fertochte foar opskuor. Harm Norbruis, fertsjintwurdiger fan de neibesteanden, reagearre emosjoneel: "Hy sei úteinlik: "Lemmens, de dea fan jo soan, dat ha jo sels dien." Ik fûn dat ferskriklik."

De reaksje fan Harm Norbruis

Lemmens is de feehâlder dy't spuiwetter taheakke oan de dongsilo. Neffens de fertochte en syn advokaat wie dat de reden foar it deadlike ûngelok, wêrby't de soan fan Lemmens en twa oaren omkamen.

Hoe kinne jo as minske sa dwaan?

Harm Norbruis, fertsjintwurdiger fan de neibesteanden

"Ik tocht earst noch: dit is in goede rjochtsaak", seit Norbruis. "Mar ik gean hjir no mei in hiel aaklik gefoel wei. Ik fyn it ferskriklik dat dizze man dit sa docht. Hoe kinne jo?! Hoe kinne jo as minske sa dwaan? Hy is sa emosjoneel, seit er, mar kom no! Hy is keihurd. Ik bin noch hielendal fan slach."

Reaksje advokaat Van der Goot

"Ik snap dat dit de neibesteanden rau op it dak falt, mar it kin net nij wêze", regearre advokaat Tjalling van der Goot fan de fertochte. "Yn de moarn hat er al beneamd dat der spuiwetter taheakke is oan de dong. Dat is in yllegale praktyk, dat mei net. Dy effekten ha soarge in hege konsintraasje oan giftige dampen."

Tjalling van der Goot, advokaat fan de fertochte

De advokaat-generaal hat lykwols deselde straf easke as dy't de rjochtbank earder oplei: 240 oeren wurkstraf, ien jier selstraf ûnder betingst en in boete fan 100.000 euro. Van der Goot: "Hy seit: ek sûnder spuiwetter hie dit ûngemak plakfûn. Mar wêr is dat op basearre? It wie in oanname sûnder fundearring."

De fertochte hat net goed sjoen nei de beskermingsmiddelen, neffens de advokaat-generaal. Hy soe net goed op de hichte west ha fan de risiko's fan dizze dongsilo.

Oer twa wiken is de útspraak yn dit heger berop.

(advertinsje)
(advertinsje)