Tekoarten sosjaal domein Ljouwert: 10 miljoen moat op it kleed komme

06 jun 2018 - 20:47

Der moat dit jier hast tsien miljoen euro op it kleed komme om de tekoarten yn it sosjaal domein yn de gemeente Ljouwert op te lossen. Dat seit finansjeel wethâlder Sjoerd Feitsma.

Nimt de gemeente gjin maatregels, dan is it totale tekoart oan de ein fan dit jier hast 14 miljoen euro. In part fan dat bedrach (4,4 miljoen euro) kin de gemeente fuortwurkje mei besunigings op oare terreinen as it sosjaal domein. De oare 9,6 miljoen moat fral komme út besunigings yn de Wmo (Wet maatschappelijke ondersteuning) en op de jeugdsoarch. En dat wylst dy sektoaren de lêste trije jier al mei besunigings te krijen hân ha. Sûnt de gemeente Ljouwert yn 2015 de finansjele ferantwurdlikheid krigen hat fan it Ryk, is der al foar 20 miljoen euro besunige. Wethâlder Feitsma seit dat Ljouwert as sintrumgemeente mear jild oan it sosjaal domein kwyt is as oare gemeenten.

3,6 miljoen by Wmo wei

Yn de gemeente meitsje sa'n achttûzen minsken gebrûk fan de Wmo. It totale budzjet yn Ljouwert is 33 miljoen euro yn it jier. Dêr moat dit jier noch 3,6 miljoen euro (14%) op besunige wurde. Wethâlder Herwil van Gelder wol dat dwaan troch oars om te gean mei de oanbieders fan soarch. Hy wol wurkje mei saneamde alliânsjes fan soarchoanbieders, dy't ûnderling ôfspraken meitsje moatte oer de taakferdeling en dêrfoar jild krije fan de gemeente Ljouwert. Van Gelder neamt dat "ontschotten". Hy hopet dat organisaasjes sa effisjinter mei jild oamgean sille en úteinlik goedkeaper útwêze sille. Dat moat komme troch in bettere gearwurking en mear ynset fan frijwilligers. Ek moat der minder burokrasy wêze.

Wethâlder Herwil van Gelder

Herwil van Gelder - Foto: Omrop Fryslân

Jeugdsoarch: 4 miljoen oan besunigingen

Yn de jeugdsoarch moat dit jier sa'n 4 miljoen euro besunige wurde. Ek dat is 14 persint fan de totale begrutting yn de jeugdsoarch. Wethâlder Hilde Tjeerdema wol saneamde "ekspertteams" ynsette dy't beoardielje wa't hokker soarch nedich hat. Troch in goeie yndikaasje komt de jongerein better terjochte op it goeie plak by de jeugdhelp. Ek moat goed sjoen wurde oft oanbieders fan soarch wol of gjin goeie suksessen boeke mei de behanneling fan jongeren. Sa net, dan krije se minder útbetelle. Troch dizze strangere oanpak moat it besunigingsbedrach helle wurde. Wethâlder Tjeerdema tinkt ek dat ambulante help faaks better is as bern opfange yn in sletten setting, wat ek wer goedkeaper is.

Wethâlder Hilde Tjeerdema

"Kwaliteit bliuwt yn oarder"

Sawol wethâlder Herwil van Gelder en Hilde Tjeerdema sizze dat de kwaliteit fan de soarch yn oarder bliuwe sil mei de besunigings. De oanpassings yn it sosjaal domein binne fêstlein yn in nij koersdokumint. Dat wurdt yn july troch de gemeenteried fan Ljouwert besprutsen.

Oare besunigingen

De besuningen op de Wmo en jeugdsoarch moatte mei-inoar 7,6 miljoen euro opsmite. Earder hat de gemeente al ien miljoen besunige yn it partisipaasjebudzjet. Fierder moatte der sinten komme troch besuningjen op de regiotaken beskerme wenjen (450.000 euro), bedriuwsfiering (500.000 euro) en effisjinsje by Amaryllis, dêr't de wykteams ûnder falle (500.000 euro). Ek giet der gjin subsydzje mear nei Wellzo (750.000 euro),

As alles slagget, dan besuniget Ljouwert yn totaal 10,8 miljoen euro. Dan hâldt de gemeente 1,2 miljoen euro oer.

(advertinsje)