Archeologyske fynsten by opgravingen yn Snits

By opgravingen yn de nijbouwyk Harinxmaland yn Snits binne ferskate bysûndere archeologyske fynsten dien. Der waard ûnder mear in saneamde fibula út de midsiuwen oantroffen, fragminten fan in brûnzen wolkaam en in part fan in trettjinde-iuwske piipbonke.
© Yvonne Boonstra
Njonken dy fynsten waard der ek in grut ferskaat oan ierdewurk en servys fûn. Dat wienen fragminten út de tolfde oant de fjirtjinde iuw.
It ûndersyk waard útfierd troch in archeologysk advysburo en frijwilligers fan it Archeologisch Steunpunt Snits. Op it plak dêr't it archeologysk ûndersyk útfierd waard, wurde ynkoarten wenningen boud en wetterpartijen oanlein.