Ekstra besunigings op sosjaal domein yn Ljouwert

De gemeente Ljouwert komt mei ekstra besunigings om de tekoarten yn it sosjaal domein tsjin te gean. De útjeften op it mêd fan de Wmo en jeugdsoarch binne it ôfrûne jier oprûn fan 12 miljoen euro nei 13,6 miljoen euro. As der neat bart, rint it finansjele tekoart noch fierder op. Troch no yn te gripen wol ferantwurdlik wethâlder Sjoerd Feitsma dat foarkomme.
De gemeente hat strangere ôfspraken mei oanbieders makke. As in soarchoanbieder bygelyks net leveret wat yn it foar ôfsprutsen is, krijt er net it hiele bedrach útbetelle.
Ljouwert is in saneamde 'sintrumgemeente', wat ynhâldt dat it ek de rezjy foar bourgemeenten fiert. De kosten fan it sosjaal domein binne ek heger yn de gemeente Ljouwert, omdat in soad ynwenners fan buorgemeenten yn Ljouwert help krije.
Yn 2021 wol de gemeente Ljouwert de begrutting wer slutend ha. Oant dy tiid wurde de tekoarten oanfolle út de gemeentlike reserves.