Hast 150 meiwurkers minder nedich troch fúzje soarchfersekerders

06 jun 2018 - 16:55

Troch de gearfoeging fan soarchfersekerders De Friesland, Zilveren Kruis en FBTO Zorg ferlieze sa'n 150 meiwurkers harren baan. Dat hawwe de fersekerders woansdeitemiddei bekend makke.

Soarchfersekerder De Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It giet benammen om stêffunksjes en banen op de ôfdielingen IT en Operations. Neffens de fusearre organisaasje kin it baneferlies foar in part opfongen wurde troch natuerlik ferrin en it net-ferlingjen fan útstjoerkontrakten. De gearfoeging soe it bedriuw in kostebesparring fan ûngefear fyftjin miljoen euro opsmite.

Hoewol't der 150 meiwurkers minder nedich binne yn de nije organisaasje, is net dúdlik hoefolle wurknimmers oft der nei de fúzje krekt op de lokaasje yn Ljouwert wurkje sille. Om't de lokaasje fan Zilveren Kruis yn Zwolle tichtgiet, wurdt it wurk fan 340 meiwurkers fan dat plak nei Ljouwert ferskood.

Aksjes

Hûnderten meiwurkers fan De Friesland kamen ein foarich jier yn aksje tsjin de plannen fan memmebedriuw Achmea om De Friesland gear te foegjen mei Zilveren Kruis. De meiwurkers wiene al benaud foar it mooglike ferlies fan wurkplakken.

Annelies Bontjer fan FNV oer De Friesland

(advertinsje)
(advertinsje)