Dûnsskoalle Saco Velt sammelet jild yn foar de Hersenstichting

Dûnsjen is goed foar it brein. Dêrom giet it jild dat sammele wurdt by de jierlikse dûnswedstriid fan de Ljouwerter dûnsskoalle Saco Velt nei de Hersenstichting.
© Facebook Saco Velt Bokaal
De 10de dûnswedstriid wurdt woansdei organisearre yn De Harmonie yn Ljouwert. Bern út groep 8 fan basisskoallen út de gemeente Ljouwert en omlizzende plakken dogge mei.
Saco Velt, eigener fan de dûnsskoalle
Tsjin dûnspearen fan oare basisskoallen stride de bern om de Saco Velt Bokaal. De wedstriid is lykwols foaral bedoeld om bern yn de kunde komme te litten mei de dûnslessen en it giet narjen tsjin. Troch te dûnsjen leare bern om respektfol mei mekoar om te gean.
Damien, dûnser

Bern kinne ek harsenoandwaning krije

Ien op de fjouwer minsken hat in harsenoandwaning. En dat kin elkenien oerkomme. Faak wurdt tocht oan in beroerte, ynfarkt, mar bern kinne dit ek krije troch bygelyks te fallen mei de fyts of bern dy't in depresje ha.
Dat wol Saco Velt ûnder de oandacht bringe by de 600 bern dy't meidogge oan de dûnswedstriid. By de wedstriid wurdt jild ophelle, dat allegear nei de Hersenstichting giet.