Nije bewenners foar bistetún AquaZoo: twa reuze-otters

06 jun 2018 - 16:02

Dieretún AquaZoo hat der twa nije bewenners by. It giet om twa reuze-otters, twa mantsjes, dy't oerkaam binne fan in bistetún út Denemarken. Dêrmei komt de totale populaasje yn AquaZoo op fiif reuze-otters.

Foto: AquaZoo

Bistefersoarger Tim fan AquaZoo

De twa nije reuze-otters hjitte Nacho en Viggo en binne trije jier âld. Yntusken hawwe se al yn har nije ferbliuw west en ek hawwe se de oare trije reuze-otters moete. De bisten binne sawol yn in bûten- as in binnenferbliuw te sjen.

Yn totaal sitte der mar 55 reuze-otters yn Europeeske dieretunen. AquaZoo hat as iennige bistetún yn Nederlân reuze-otters. De soart komt yn it wyld benammen yn 'e tropyske bosken fan Súd-Amearika foar. De natuerlike populaasje nimt de ôfrûne jierren wol hieltyd mear yn oantal ôf.

Foto: AquaZoo
(advertinsje)
(advertinsje)