Fiif oanhâldingen yn ûndersyk nei hannel yn hard- en softdrugs

06 jun 2018 - 16:01

De plysje hat foarige wike woansdei fiif minsken oanholden yn in drugssaak. It giet om in 40-jierrige man út Snits, twa mannen fan 34 en 67 út Grou, in 45-jierrige man sûnder fêst wenplak en in frou fan 57 út Grou. De fertochten waarden foarige wike woansdei al oanhâlden en binne ôfrûne moandei wer frijlitten. De minsken bliuwe fertochten yn de saak.

Marihuana - Foto: Shutterstock.com

Tips út de omjouwing

De plysje is noch mar in pear wiken dwaande mei de saak, mar hat no al meardere fertochten sprutsen. "Dat is hiel fluch gien", seit wurdfierder fan de plysje Anne van der Meer. "We binne no dwaande mei fragen as: wêr helje se de drugs wei? En wêr giet it hinne?", seit hy. De plysje is tipt troch minsken út de omjouwing. "It falt op as der ynienen yn djoere auto's riden wurdt", seit Van der Meer. Ek foel it omwenners op dat it útjeftepatroan opmerklik wie.

Himp - Foto: Pixabay

Mei de tips gie de plysje oan de slach en dienen se drugssikingen yn Grou, Akkrum, Snits en Wâldsein. Yn totaal waarden dêr twa fjoerwapens, twa luchtdrukwapens, pepperspray, in taser, in ferburgen klús mei goed 60.000 euro oantroffen.

Ek fûn de plysje 20 kilo himp, himpôffal en in hannelhoemannichte harddrugs. Yn twa loadsen waarden ferburgen romten oantroffen mei dêryn in himpkwekerij, himp en spullen om in himpkwekerij te meitsjen.

Proses-ferbaal tsjin de fiif

Nei de oanhâldingen moasten de fiif fertochten mei nei it plysjeburo. Dêr waarden de fertochten meardere kearen heard. Tsjin de fiif is in proses-ferbaal opmakke. Ofrûne moandei mochten de fertochten it plysjeburo wer ferlitte. De persoanen bliuwe fertochte en it ûndersyk giet troch. Mear oanhâldingen wurde dan ek net útsletten.

Trefwurden: 
plysje harddrugs softdrugs
(advertinsje)