Fryske fuotballer by Japanske Cruijff-klup

06 jun 2018 - 15:56

Thomas Bakker is in fuotballer yn Japan. Miskien net sa bekend? Dat kloppet wol, want hy spilet op it fjirde nivo yn Japan. By de klup Veertien Mie. Sjoch hjir nei syn ferhaal.

Veertien Mie

Thomas Bakker fuotballet by de klup Veertien Mie. De klup hat in foarsitter dy't fan is fan Johan Cruijff en dêrom hat hy dy klup ferneamd nei it rêchnûmer 14, dêr't Cruijff altyd mei spile. De klup spilet yn it oranje.

Thomas Bakker spile earder yn de jeugd fan SC Hearrenfean en dêrnei by de topamateurklup HHC Hardenberg.

Thomas Bakker - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)